Jǿrgen Kühl (Hg.), Klaar kiming–Festschrift für Thomas Steensen

K. Zondag
2019 Us Wurk  
Ein augustus 2018 naam Thomas Steensen ôfskie as direkteur fan it Nordfriisk Instituut yn Braïst (Bredstedt). By gelegenheid dêrfan ferskynde ûnder redaksje fan de histoarikus Jǿrgen Kühl, heechleraar oan de Universiteit fan Flensburg en lid fan it kuratorium fan it ynstitút, in Festschrift, in freoneboek. Achttjin auteurs skreaunen in bydrage en Inken Völpel-Krohn, de foarsitter fan it ynstitút, hie in fraachpetear mei Steensen. Foar"t de ynhâld fan it boek oan "e oarder komt, jou ik earst
more » ... nken oan inkelde algemiene aspekten. De auteurs komme út Denemarken, Dútslân en Eastenryk. Der is wol oanjûn dat Jarich Freark Hoekstra út "Hitsum Niederlande" komt, mar as heechlearaar oan de Christian-Albrechts-Universität yn Kiel wurdt er ta it Dútske kontingint rekkene. It is spitich dat nimmen út ús Fryslân frege is in bydrage te skriuwen. Op grûn fan de jierrenlange relaasje tusken ynstituten en persoanen hie dêr dochs alle reden ta west. Dat nimmen fan de meiwurkers fan it Noardfriisk Institút frege is in bydrage te skriuwen is neffens my in flater. De einredakteur hat de skriuwers, wat de lingte fan de bydragen oangiet, blykber de frije hân jûn. De koartste bydrage, dy fan Helga Bleckwenn oer Menno Simons en de Menisten, telt trije siden; Henrik Becker-Christensen mei syn bydrage oer de Friezen yn it Dútsk-Deenske grinsgebiet, hat twa siden mear. Foar it beskriuwen fan it libben en wurk fan Karl Otto Meyer, jierrenlang de lieder fan de Deenske minderheid yn Noardfryslân, hat Mogens Rostgaard Nissen tweintich siden nedich. De bydragen binne, sa skriuwt de einredakteur, "bewusst" net tematysk, mar alfabetysk op skaainamme fan de auteur oardere. Wêrom"t dat dien is, wurdt jin net dúdlik. Yn myn besprek ha ik mei help fan aardich romme mesken dochs in beskate oardering oanbrocht. De stikken binne, útsein de yn it Mooringer Frasch skreaune tekst fan Jarich Hoekstra, yn it Dútsk. It Noardfrysk is fierder allinne brûkt as gearfetting boppe de bydragen. Om my hie de meartaligens, benammen de Noardfryske tongslaggen, folle dúdliker útkomme mocht. Mear koe ik net Oan de ein fan it petear tusken Inken Völpel-Krohn en Thomas Steensen beslút de
doi:10.21827/5c988804e358c fatcat:j35vxcg3njhotlhbwufwmbnsiy